Projektburofrl

Projekt- en eventmanagement

Projektburofrl

Projektûntwikkeling, -koördinaasje en útfiering

ÚTLJOCHTE

MUSICAL MASTER GYSBERT IV


Nei it grutte sukses fan Musical Master Gysbert I yn 2016 (Inkele reis Sabeare), Musical Master Gysbert II (De Pompeblêdspion) yn 2018 en Musical Master Gysbert III (Master hat leaver leaf) yn 2021, organisearre FET (Frysk en teäter de hagelnije foarstelling fan Musical Master Gysbert:

Master Gysbert en 'it Boalsert mystearje'.


De skoalmusical dy't spile fan 19 oktober o/m 10 novimber wie frij tagonklik foar alle skoalbern út de groepen 5 o/m 8. Ek wiene der jûnsfoarstellingen foar jong en âld.


Lokaasje: de Broeretsjerke yn Boalsert.



Lês mear...








KLETTERDEI KONSERT - 2023


in kletterjend muzikaal programma as oade oan fiif jier 11fountains yn Fryslân!


NASKA Brass United û.l.f. Jan Vermaning en ynternasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra fersoargen in bysûnder konsert yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Alles stie yn it teken fan wetter: de muzyk, lûden en de moai ferljochte tsjerke. Wetterdûns wie der troch dûnsgroep Attitude fan Kunstencentrum Atrium - Cultuur Kwartier Sneek û.l.f. Jacqueline Veldhuis. It feestlike konsert waard iepene troch de deputearre fan Fryslân Sietske Poepjes. Lês mear...



TEÄTERKONSERT TIIDGENOATEN - 2021


In sprankeljend teäterkonsert yn de iuwenâlde kleastertsjerke 'De Broerekerk' yn Boalsert. Sjongeres Hiske Oosterwijk set de 17e -iuwske teksten fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx op nije komposysjes en fiert dizze út mei seis profesjonele musisy. De regy is yn hannen fan regisseur Bruun Kuijt. De foarstelling is in kombinaasje fan taal, muzyk, teäter, ljocht en technyk en soarget foar in mei -fiif stjerren- bekroande foarstelling. Unyk! yn syn soarte. Lês mear...




MUSICAL MASTER GYSBERT -  [2016]   2018  &  2021


In fantastysk suksesfolle teäterfoarstelling foar bern út de groepen 5 o/m 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Tjerk Kooistra is skriuwer en regisseur fan Musical Master Gysbert. De Fryske taal, edukaasje en teäter komme byinoar yn de gruttere teätersealen yn Fryslân. Fan 2021 ôf wurde der ek famyljefoarstellings útfierd. Akteurs binne: Wybo Smids, Anke Boersma, Annemiek Schuurman en Thijs Meester.     Lês mear....



OARGELKONSERT EN LÊZING  2019 & 2021


Yn de kearn fan it doarp Burchwert stiet de Johannestsjerke. De tsjerke hat in bysûnder oargel dat in streekrjochte link hat mei de famylje fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx. Neist oargelmuzyk troch (ynter)nasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra, spilet Jan Vermaning (dirigint NASKA en beropsmuzikus by it NNO) trompet. It programma bestiet ek út in lêzing troch skriuwer Flip van Doorn, dy't fertelt oer syn boek 'De Friezen'. Lês mear...




FERHALEJÛN TSJERKWERT 2022


Provinsjaal wurdt -Verhalenavond- organisearre troch Pier21. Op lokaal nivo wurdt der in prachtige ferhalejûn organisearre yn gearwurking mei de lokale Kultuergroep. Fertellers binne Hinke Bouma, Folkert Schukken, Janke Nicolai, Hylke Speerstra, Daniëlle Kraft en Ids Willemsma. De jûn wurdt sfearfol ôfwiksele mei muzyk, in goed kop kofje of tee en mei each en ear foar inoar. Lês mear...



Alle projekten hawwe in link mei Fryslân, de Fryske taal en kultuer.






Share by: